Krystkongres 2011: "Mei kultuer de haadpriis! Winne as betelje?"
De Krystkongreskommisje is yn gearwurking mei de Federaasje fan Fryske Studinteferienings alwer in skoft dwaande om wer in fantastysk Krystkongres del te setten. Dit jier sil it alwer foar de 79e kear plakfine en fansels wer yn de Bogt fen Guné. Dit jier sil it plakfine op woansdei 28 en tongersdei 29 desimber 2010. Skriuw it yn jimme aginda! (Dit moatte jim écht dwaan!) Eltsenien is wolkom sadat wy der mei syn allen wer in geweldige twa dagen fan meitsje kinne. It tema fan it Krystkongres en fansels it sympoasium, is dit jier:
"Mei kultuer de haadpriis! Winne as betelje?"
It sympoasium begjint om 13.30u en de tagong is fergees. As der mear bekend is, sil ûnder de kopkes "It program 2011" en "Sprekkers 2011" mear ynformaasje komme te stean. Wy hoopje jo dan te sjen!
Ut namme fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings,
Krystkongreskommisje 2011
|